Oprop om Limburchs fee te melden

19 aug 2006 - 10:53

Lânbou-organisaasje LTO Noard wol sa gau mooglik witte oft it blautongfirus him ek ferspraat hat rjochting Fryslân. Boeren dy't koartlyn kij, skiep of geiten út Limburch helle ha, moatte goed om har fee tinke.

LTO Noard krijt in soad fragen fan feehâlders neidat yn Kerkrade by skiep blautonge fêststeld is. Der jildt no in eksportferbod fan wjerkôgers. Sa'n ferbod moat foarkomme dat it blautongfirus fierder ferspraat wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)