Oprop om enkête yn te foljen

25 nov 2012 - 10:27

De gemeente Kollumerlân hat de ynwenners fan de lytsere doarpen op 'e nij oproppen om in enkête oer leefberens yn te foljen. Yn Kollum en Kollumersweach wurdt in stekproef holden, mar yn de oare doarpen moatte de ynwenners in enkête ynfolje. Oant no ta binne der net genôch reaksjes.

It ûndersyk jout de de gemeente en de ferienings fan Pleatslik Belang in byld fan hoe't de ynwenners tinke oer de leefberens yn de doarpen. De ynformaasje wurdt ferwurke ta in rapport, de Doarpsspegel. Elts doarp krijt syn eigen spegel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)