Oprop oer begraafplak Harkema

22 jan 2010 - 15:32

Besikers fan it begraafplak fan De Harkema moatte der goed om tinke oft se ek fertochte saken sjogge. It bestjoer fan de pleatslike útfeartferiening docht dy opmerlike oprop.

Neffens it bestjoer binne der de lêste tiid regelmjittich fernielings en stellerij op it begraafplak. Blommen, potten en persoanlike oantinkens wurde fan de grêven stellen. Mocht de stellerij trochgean, dan oerwaget it bestjoer oare maatregels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)