Oprop Foedselbank om iten

06 des 2005 - 08:59

De Foedselbank Ljouwert hat alle tsjerken yn de gemeente oanskreaun om iten te sammeljen. De needhelporganisaasje yn Wurdum hie by de start 10 oanfragen foar in pakket, no sitte se al op 30.

Mei de organisaasje sels giet it goed, der binne genôch frijwilligers, in rom ûnderkommen en sûnt moandei ek in eigen buske om de pakketten mei rûn te bringen. It iennichste dêr't de Foedselbank te min fan hat, is iten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)