Oprop foar molkbusdieven

28 des 2006 - 17:26

In ynwenner fan De Westerein docht in oprop oan de dieven fan syn molkbus. Se moatte de bus net brûke foar it karbidsjitten. Dat kin net want de bus is fan rustfrij stiel en hy klapt yn stikken út-inoar mei karbid. En dat kin ta gefaarlike situaasjes liede, seit eigner Jan_Leegsma.

De bus waard mei de Krystdagen út Leegsma syn tún helle. De eigner ropt de dieders op de bus gau werom te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)