Oprop foar fermissing frou

03 aug 2010 - 15:14

De plysje is mei in boargernetaksje begûn om út te sjen nei in 46-jierrige frou út Menaam. Se is tiisdei oan it begjin fan 'e middei út de Sibr Leostrjitte fuortgien. De frou wie bot oerstjoer en hie 75 ienheden ynsuline ynnaam. Dêrtroch kin se yn koma reitsje.

De frou hat koart hier, en in spikerbroek en in pearse trui oan. Wa't har sjocht, wurdt frege 112 te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)