Oprop Amelân foar crossbaan

07 feb 2012 - 11:59

De gemeente It Amelân ropt de eilanners op in hoekje grûn beskikber te stellen foar in crossbaan. Op it eilân binne sa'n 30 jongeren dy't graach crosse wolle, mar gjin plak ha.

De gemeente hat ferskillende lokaasjes ûndersocht, mar elk plak smyt beswieren op. Of de grûn is net beskikber of it leit te ticht by de bebouwing, sadat it lûdsoerlêst jout. Dêrom docht de gemeente no de oprop oan de eilanners om in hoekje grûn beskikber te stellen, sadat de jeugd crosse kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)