Opromming keunst provinsje

30 sep 2008 - 06:55

De provinsje wol ôf fan hast 250 fan syn keunstwurken! It binne foaral wurken dy't by de provinsje sels yn it depot ferdwine, mar by de musea, bedriuwen of partikulieren wol in moai plakje krije kinne.

Yn totaal hat de provinsje 866 keunstwurken yn besit. It doel fan de opskjinaksje is om de kwaliteit fan de kolleksje te ferbetterjen. De provinsje wol de topstikken en wurken dy't fan belang binne foar de regionale skiednis sels hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)