Opromjen skea needwaar

06 aug 2013 - 12:34
  • Oan de Bûtewei yn Oerterp is men drok dwaande mei opromjen fan de skea

Gemeente en brânwacht binne al de hiele moarn manmachtich oan it wurk om de skea fan it needwaar fan moandeitejûn en -nacht op te rêden. Gemeentewurkers hawwe de hannen fol om de diken wer begeanber te meitsjen en de rûchste skea op te romjen. De brânwacht is oan it wurk op campings.

It swiere ûnwaar liet in spoar fan fernielings nei yn Súdeast-Fryslân. In wynhoas luts fan Spangea oer Wolvegea nei De Gordyk en De Himrik. Hiele rigen beammen waarden mei woartel en al omskuord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)