Opromjen skea kostet mear tiid

07 aug 2013 - 17:08
  • Tal fan diken binne noch ôfsletten nei it needwaar
  • Omfallen beammen soargje foar oerlêst

Steatsboskbehear is noch wiken dwaande om de gefolgen fan de stoarm goed te ferwurkjen. Benammen it opromjen fan de tûken dy't op oanlizzende greiden en diken terjochte kamen, sil in protte tiid kostje.

It earste wat Steatsboskbehear dien hat is de parkearplakken frijmeitsje. Ek de kuierrûtes binne opromme en feilich makke. Yn de gemeenten Opsterlân en Hearrenfean binne de bosken it swierste troffen. In oantal diken yn beide gemeenten is noch altyd ôfsletten foar ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)