Opromjen asbest Boazum begûn

12 okt 2012 - 16:15
  • Evakué's registreare har yn it kafee

Yn Boazum is it opromjen fan it asbest begûn, dat tongersdeitejûn frijkaam by in grutte brân yn it doarp. Earst wurde de strjitten dien, sadat dy wer brûkt wurde kinne. Dêrnei binne de dakken en tunen oan bar. Neffens de gemeente kin it skjinmeitsjen dêrfan noch wol in wike duorje. Deskundigen hawwe meunsters naam yn de huzen yn it gebiet dat fanwege de brân ûntromme is, sa kin bepaald wurde oft it asbest ek binnendoar leit.

Omdat de útslach fan dy meunsters pas letter freedtenacht ferwachte wurdt, moatte bewenners de kommende nacht earne oars trochbringe. Freedtejûn om sân oere is der in byienkomst dêr't direkt belutsenen fragen stelle kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)