Opromjen asbest begûn

10 maaie 2013 - 11:22
  • Asbestbedriuw komt mei swier materieel

Yn Noardwâlde is in begjin makke mei it opromjen fan asbest nei in brân oan de Industriewei. Dêrfoar moatte twa húshâldings harren hûs út en moatte ferskate tunen ôfgroeven wurde. De brân wie yn in bedriuwsgebou. It measte asbest leit op it terrein fan dat gebou. Twa huzen dêrnjonken hawwe ek asbest yn de tún krige. De bewenners fan trije oare huzen kinne in part fan de tún net brûke fanwege it asbest.

It asbestferwiderbedriuw hat kranen en karren oanfierd. It opromjen duorret nei alle gedachten fjouwer of fiif dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)