Oprit Grou-H'fean ôfsletten

13 jan 2009 - 11:04

Rykswettersteat hat tiisdeitemoarn de oprit fan Grou rjochting It Hearrenfean ôfsletten. Troch de froast is der skea ûntstien oan de dyk. De skea is sa grut, dat it neffens Rykswettersteat net mear ferantwurde is dat der noch ferkear oerhinne rydt.

Ferkear moat no in eintsje omride foardat it op de sneldyk komme kin. De omlieding stiet oanjûn mei buorden. It is noch net dúdlik hoelang't de oprit ôfsletten bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)