Opposysje wachtet op antwurd

07 jun 2013 - 10:46
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

De opposysje ûnder lieding fan Jelko van der Wiel is ferrast troch it berjocht op 'e webside fan SC Hearrenfean dat it stiftingsbestjoer in ekstern ûndersyk ynstelle sil. Dat advys is bepalend foar de takomst fan de klup.

"Wij hebben ze woensdag een nette brief gestuurd en wachten nu op een formele reactie van het stichtingsbestuur. Het is niet galant om eerst een persbericht op de website te plaatsen, aan de andere kant getuigt dat van doortastend optreden", sa seit in lid fan de opposysje.

De opposysje hat oanjûn dat se foar sneon in reaksje ha wolle. Yn it wykein sille se dan wer byelkoar komme om de strategy te bepalen. "Wij wachten met smart op een officiële reactie van het stichtingsbestuur".

Bestjoersadviseur Paul Nobelen is troch it stiftingsbestjoer oanwiisd it ûndersyk te lieden. Dat is bart mei ynstimming fan de ried fan kommissarissen en de direksje. "Dat is markant", sa seit in lid fan de opposysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)