Opposysje: net besunigje Omrop

22 sep 2010 - 16:15
  • Kramer is min te sprekken oer it plan fan besuniging

De opposysjepartijen FNP en VVD yn provinsjale steaten wolle net dat der 1,1 miljoen euro besunige wurdt op Omrop Fryslân. Koalysjepartijen CDA en PvdA wolle pas yn de steategearkomste fan novimber in beslút nimme. De provinsje wol takom jier 6 ton minder jaan en nochris 5 ton yn 2012.

As de besunigings yndie trochgean, steane banen fan meiwurkers en programma's faai.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)