Opposysje Menaam ûntstimd

26 feb 2010 - 11:17

B en W fan Menameradiel misbrûkt de gemeentlike folder foar partijpolityk. Dat sizze de trije opposysjepartijen. Dy binne min te sprekken oer in folder dy't hûs oan hûs ferspraat is yn de gemeente. Dêryn wurdt yngean op de suksessen fan it sittende kolleezje.

CDA-fraksjefoarsitter Osinga fynt dat it kolleezje him presintearret in politike partij. Gemeentebelangen-kampanjelieder Roersma fynt it der fier by troch dat de boargers oan sa'n folder meibetelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)