Opposysje kritysk oer ôfrûne jier provinsjaal bestjoer

04 feb 2015 - 13:57
  • De Fryske steaten

De opposysje is kritysk oer de ôfrûne fjouwer jier mei PvdA, CDA en FNP as provinsjaal bestjoer. Deputearre steaten presintearre tiisdei in evaluaasje fan de prestaasjes fan de ôfrûne fjouwer jier. Sy wienen hiel tefreden en joegen harsels in acht. Yn de opposysje tinke sy dêr dochs wat oars oer. It beslút oer wynmûnen yn Fryslân en it gedoch rûnom de takomst fan Thialf wurde neamd as dossiers dy't net goed oppakt binne.

GrienLinks jout it kolleezje in 4, de VVD sit tusken de 5 en de 6 en de ChristenUnie in sifer tusken de 6,5 en 7.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)