Opposysje kreaket ekonomysje plannen provinsjebestjoer

10 feb 2016 - 23:36
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

De opposysjepartijen yn provinsjale steaten fine dat de ekonomyske plannen fan deputearre steaten net konkreet genôch binne. Se binne bang dat as se ynstimme mei de ekonomyske plannen, se deputearre steaten in frijbrief jouwe om jild út te jaan. Mei de brief Wurkje Mei Fryslân wurdt lang net dúdlik wêr't alles hinne giet. 

Woansdei praten de provinsjale steaten oer de brief fan it provinsjebestjoer. Dêryn stean de spearpunten dêr't de provinsje him op rjochtsje wol. De pylken wurde benammen rjochte op it MKB, it midden en lyts bedriuw.

Fierder stean ynnovaasje en it ferbetterjen fan eksport heech op de aginda. 

Net allinnich de opposysje is kritysk. Ek koälysjepartij SP hat oanmerkingen. Sa moat der mear omtinken komme foar it oplossen fan de echte problemen, nammentlik de wurkleazens. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)