Opposysje Amelân ûntefreden

30 mrt 2010 - 09:25

De koalysje fan CDA en Ameland '82 is net stabyl genôch om de kommende fjouwer jier yn te gean. Dat sizze de opposysjepartijen yn de Amelanner polityk. CDA en Ameland '82 hawwe in lytse mearderheid. Tegearre hawwe se seis fan de alve riedssitten.

Neffens de opposysje is dat wol hiel wif, sa makken se moandei dúdlik yn de earste riedsgearkomste yn de nije gearstalling. De fraksjes Algemeen Belang Ameland, PvdA en VVD binne teloarsteld oer de hiele gong fan saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)