Oppasse foar ikeprosesjerûp

03 maaie 2011 - 09:49

De GGD Fryslân warskôget foar de ikeprosesjerûp. De rûp mei hierkes sit yn de moannen maaie en juny yn in grut tal ikebeammen. As minsken yn kontakt komme mei de hierkes fan de rûp, kinne se lêst krije fan jûkte, seare eagen of lêst mei it sykheljen.

As je gebieten yngeane dêr't de rûp foarkomt, kinne je it bêste in lange broek en klean mei lange mouwen oan dwaan, seit de GGD. As minsken yn kontakt komme mei de hierkes, moatte se de hûd of eagen spiele mei wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)