Oppakte aaisikers nei advokaat

21 mrt 2009 - 16:07
  • (argyf)

De trije Friezen dy't yn it Gelderske Hedel oppakt binne omdat se de auto fol hiene mei ljipaaien, stappe nei in advokaat. Se binne poer op de frou dy't harren oanjûn hat.

De manlju út Harich en Sondel dogge al jierren soarch- en neisoarch yn it gebiet. Se wiene troch de boeren frege om de aaien mei te nimmen yn stee fan stokjes del te setten. Se wolle no fan de offisier fan justysje witte of't se strafber binne, omdat se tastimming hiene fan de boeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)