Oppakt op drugsfertinking

04 jan 2010 - 10:04
  • GHB (argyffoto)

De plysje hat sneintenacht yn Ljouwert twa manlju oppakt omdat se mooglik softdrugs by har hiene. De twa foelen de plysje op omdat se slingerjend te hurd foarby rieden. Doe't se oanhâlden waarden, praten de twa ûndúdlik en hiene se grutte pupillen.

Yn 'e auto fûn de plysje in flesse mei nei alle gedachten GHB. Der lei ek materiaal foar it brûken fan harddrugs. Nei ûndersyk die bliken dat de Ljouwerter dy't de auto bestjoerde gjin rydbewiis hie

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)