Oppakt nei mishanneling

08 maaie 2010 - 13:27

Twa mannen en in frou út Ljouwert binne freedtejûn oanhâlden. Se hiene in Ljouwerter (43) mishannele. De man waard op de Wybrand de Geeststrjitte sûnder oanlieding slein mei in izeren stêf. Dernei naaide it trio út. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Om't it kenteken fan de auto bekend wie, koe de plysje de trije letter oanhâlde op in parkearplak by de Achter de Hoven. It giet om twa mannen fan 21 en 22 jier en in frou fan 20 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)