Oppakt mei pûdsjes softdrugs

09 des 2008 - 10:06

Twa Ljouwerters fan 18 en 19 jier binne moandei yn Burgum oanhâlden om't se pûdsjes mei softdrugs yn 'e auto hiene. De plysje seach dat de twa hieltyd itselde rûntsje rieden yn it doarp. In stopteken oan de 19-jierrige bestjoerder fan de auto waard negeard.

Uteinlik koe de plysje de auto yn de Ferfstrjitte tsjinhâlde. Yn de auto sieten meardere pûdsjes mei weed en joints. Dêrneist ried de bestjoerder sûnder rydbewiis. It wie al de tredde kear dat de man dêrop betrape waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)