Oppakt foar stellerij skiep

12 maaie 2010 - 09:58

De plysje hat in man fan 24 út Appelskea oanhâlden foar it stellen fan fjirtjin skiep. Se stiene yn 'e greide njonken in bedriuw oan 'e Leeksterwei yn Appelskea. De eigneresse hie se ferline wike tongersdei noch sjoen, mar doe't se se sneon fuorje soe, wiene se fuort.

De plysje frege yn 'e media om tsjûgen. Dêrop kamen ferskate brûkbere tips. Op grûn dêrfan koe de fertochte oanhâlden wurde. De man sit fêst, mar de skiep binne noch net werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)