Oppakt foar stellerij disel

31 jan 2010 - 14:35

Twa manlju binne sneontejûn oppakt foar it stellen fan disel. It giet om in man (30) út Newcastle yn Grut-Brittanje en in oarenien fan 39 jier sûnder fêst wenplak. Se gedroegen harren fertocht yn Winsum .In tsjûge hie dêroer de plysje belle.

De plysje hâlde de manlju yn harren buske oan tusken Frjentsjer en Wjelsryp. Yn it buske stiene ferkate jerrycans mei disel. De brânstof komt mooglik út in frachtwein. De manlju binne meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)