Oppakt foar rútfernielerij

16 apr 2013 - 09:44

De plysje hat moandeitemiddei in 50-jierrige man út Ljouwert oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht ruten fernield te hawwen by in bedriuwsgebou oan de Ossekop yn syn wenplak. In meiwurker fan it bedriuw seach dat it rút stikken makke waard. Hy koe de fertochte en joech dat troch oan de plysje. Dy pakte de man letter op 'e dei op syn wenning.

Sneintejûn wie der by itselde gebou ek al in rút fernield. De plysje ûndersiket oft de Ljouwerter dêr ek ferantwurdlik foar is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)