Oppakt foar oerfal benzinepomp

19 feb 2005 - 13:01

De plysje hat twa Dokkumers oanhâlden foar de oerfal op in bensinestasjon. It giet om in 32-jierrige man en syn 37 jierrige freondinne. De pomp oan 'e Rûnwei waard tiisdei oerfallen troch twa manlju.

Ien fertochte is no oanhâlden nei oanlieding fan it wiidweidige sinjalemint. Syn freondinne wurdt derfan fertocht dat se in part fan de bút trochferkocht hat. De twadde fertochte is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)