Oppakt foar mishanneling Snits

11 aug 2007 - 13:37

Yn Snits is in Hearrenfeaner fan 20 jier oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in 22-jierrige frou út Snits. De jonge soe har by in rûzje in klap yn it gesicht jûn hawwe.

De fertochte hie eefkes dêrfoar by fjochterij ek al in 19-jierrige Snitser slein. Dy is sels nei it sikehûs gien. De man hie in tosk troch de lippe, in pear losse tosken en mooglik in harsenskodding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)