Oppakt foar húsfredebreuk

20 maaie 2006 - 17:26

In 30-jierrige swalker is freed yn Ljouwert oppakt foar húsfredebreuk. Hy wie in opfanghûs foar dak- en thúsleazen oan de Goudenregenstrjitte yngien sûnder dat dat mocht.

Dêrby hie de man in doar stikken makke. By syn oanhâlding misledige er de plysjes. De swalker is meinommen nei it plysjeburo en dêr krige er proses-ferbaal. De man sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)