Oppakt foar ferbeane wapens

07 jul 2011 - 14:56

De plysje hat in 19-jierrige ynwenner fan Hurdegaryp oanholden foar ferbean wapenbesit. Fia tips kaam de plysje de man op it spoar. Yn de wenning fan de man troffen de plysjes in stiletto, in flinter- en in falmes oan. Fierder hie de man trije boksbûgels, in imitaasjepistoal, in stroomstjitwapen en in patroan.

De wapens binne yn beslach naam. Nei ferhoar op it buro mocht de fertochte wer nei hûs. Hy hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)