Oppakt foar ferbean wapenbesit

14 des 2010 - 11:40

Twa manlju út Harns en Ljouwert binne yn 'e nacht fan moandei op tiisdei oanhâlden fanwege ferbean wapenbesit. Plysjes seagen de manlju yn 'e auto riden yn de Furmerusstrjitte yn Snits. De auto waard oan 'e kant set.

Yn 'e auto fûn de plysje in kneppel, in fleske mei nei alle gedachten GHB en in brekizer. De man út Harns hie ek noch in buske pepperspray by him. Beide manlju binne meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)