Oppakt foar ferbean wapenbesit

07 sep 2010 - 11:05

In Drachtster (38) is oppakt foar ferbean wapenbesit. Dat barde nei tips oer de man en in ûndersyk. De man soe in fjoerwapen hawwe. Yn syn hûs fûn de plysje trije stroomstjitwapens, mar gjin fjoerwapen. Op it plysjeburo krige de Drachtster in proses-ferbaal. Nei ferhear koe er wer nei hûs. De stroomstjitters binne yn beslach naam.

De fertochte waard in pear wiken ferlyn noch oanhâlden foar bedriging mei in stroomstjitwapen en ferbean wapenbesit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)