Oppakt foar falske 112-melding

04 jan 2007 - 10:02

De plysje hat tongersdeitemoarn yn Ljouwert in 42-jierrige frou oanhâlden om't se in falske 112-melding dien hie. Se hie it alarmnûmer belle en om in sike-auto frege. Se sei dat se ferwûnings oan har hannen hie.

Doe't de ambulânse by de frou troch de strjitte ried, belle se dat se gjin help mear nedich hie. De frou is letter troch de plysje oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)