Oppakt foar besykjen ta deaslach

02 mrt 2003 - 00:00

In ynwenner fan Haulerwyk (24) is oanhâlden foar besykjen ta deaslach fan in 23-jierrige man út Easterwâlde. Der soe stutsen wêze mei in skerp ding. De beide manlju krigen yn in kafee rûzje oer de eardere faam fan 'e man út Easterwâlde dy't no mei de ynwenner fan Haulerwyk ferkearing hat. Bûtendoar kaam it ta houwerij.

De man út Easterwâlde fernaam letter dat bloed út syn hals kaam. Yn it sikehûs waard in stekwûne fêststeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)