Oppakt foar bedriging op sneldyk

27 feb 2005 - 14:39

De plysje hat sneontejûn op de A28 by Den Dolder twa jonges fan 18 en 19 út Weststellingwerf oanhâlden. De twa bedrigen op it knooppunt Hattumerbroek fanút har auto de bestjoerder fan in oare auto mei in fjoerwapen.

Neidat de bestjoerder de gegevens fan de auto trochjûn hie oan de plysje, koe dy de jonges letter oanhâlde. Dêrby waarden meardere plysjeauto's ynset. Nei de oanhâlding die bliken dat it om in neppistoal gie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)