Opnij trochgong geuzegat yn bolwurk Frjentsjer

30 mrt 2015 - 15:42
  • Geuzegat Frjentsjer
  • Geuzegat Frjentsjer
  • Geuzegat Frjentsjer

In ûntsnappingsrûte dwers troch it Frentsjerter Bolwurk wurdt wer tagonklik makke. It giet om in tunnel út de Spaanske tiid dêr't minsken de stêd yn- en útkoene as de stêdspoarte ticht wie. Sûnt de jierren fyftich fan de foarige ieu is de tunnel oan ien kant tichtmakke.

De stichting Vrienden van de Stad Franeker wol de histoarje wer sichtber meitsje foar ynwenners en toeristen. Dêrfoar moat der graafd en mitsele wurde. Dat kostet goed 20.000 euro. It wurk moat noch foar de simmer klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)