Opnij toulûksúkses yn Afrika

18 sep 2010 - 17:35

Toulûkster Maaike Hornstra fan Jellum hat freed en sneon nochris twa medailles helle op it WK yn Súd-Afrika. Sneon wie der sulver foar Hornstra yn in mingd team. Freed helle Hornstra in twadde plak mei de froulju fan Vechtlust Muiden yn de klasse oant 540 kg.

Op woansdei pakten Hornstra en Aaltje Nieuwland fan Jobbegea ûnder Afrikaanske omstannichheden al goud. It WK wurdt lutsen yn de waarme bûtenloft op in hurde ûndergrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)