Opnij teloarstelling by Jansma

15 des 2013 - 14:36
  • Sybren Jansma

Bobslider Sybren Jansma is der sneon op 'e nij net yn slagge him mei stjoerman Edwin van Calker te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen yn de twamansbob. Yn de twadde race yn Lake Placid einige it twatal as fjirtjinde. Freed wie der al in teloarstellend santjinde plak.

Jansma en Van Calker hawwe oant en mei 19 jannewaris noch de kâns om har mei de twamansbob te pleatsen foar de Spelen yn Sotsji. Dêrfoar is in top-tsien-klassearring nedich, dy't helle wurde moat yn ien fan de trije wrâldbekerwedstriden dy't noch op it programma stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)