Opnij sûnensûndersyk ATF-brân

08 jul 2004 - 11:08

Sûnenstsjinst GGD docht ynkoarten opnij op grutte skaal ûndersyk nei de gefolgen fan de ATF-brân ûnder de omwenjenden. Dat is woansdei bekend makke, mei de resultaten fan de ynventarisaasje nei de effekten fan de brân. Haadkonklúzje is dat der wol sûnensrisiko's west hawwe.

By de ATF-brân yn maaie 2000 gie der 480 gemysk ôffal yn flammen op. Der rint noch in prosedure tsjin trije leden fan de eardere direksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)