Opnij sulver foar Kamminga op EK skeelerjen

24 jul 2015 - 17:08

Manon Kamminga fan It Hearrenfean hat freed sulver helle op it EK skeelerjen. Se einige op it ûnderdiel 20 kilometer ôffalkoers op 'e dyk as twadde, achter Francesca Lollobrigida út Italië. It brûns gong nei Sandrine Tas út België. Elma de Vries út De Haule is 19e wurden. It wie foar Kamminga de tredde medalje op it EK. Earder helle se al brûns en sulver op de 10 en 15 kilometer ôffalkoers op de baan.

It EK wurdt hâlden yn Innsbrück, Eastenryk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)