Opnij strjitrôf yn Ljouwert

21 nov 2005 - 13:48

Dit wykein ha der trije strjitrôven plakfûn yn Ljouwert. De earst twa wiene yn de nacht nei sneon. Sneintemoarn betiid waard in Ljouwerter (37) it slachtoffer. Op de Foarstreek waard er oansprutsen troch in frou, dy't er fan gesicht koe.

Even letter kaam er in man foarby op 'e fyts. Dy helle de beurs fan it slachtoffer út syn bûse. Der siet gjin jild yn. De dieders stellen noch twa pakjes shag en naaiden dêrnei út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)