Opnij steuring oan brêge by slûs yn Ofslútdyk

15 feb 2016 - 16:14

Ferkear op de Ofslútdyk hat moandeitemiddei lêst hân fan in steuring yn de brêge oer de slûzen by Den Oever. De Verkeers Informatie Dienst melde om trije oere hinne in behoarlike file. Op dit stuit is de dyk wer iepen. Wat de oarsaak fan de steuring wie, is noch net bekend.

De ôfrûne wiken hat op de Ofslútdyk wol gauris steuring west oan de Fryske kant, by oan de brêge by Koarnwertersân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)