Opnij staking by Van Wijnen

26 aug 2013 - 10:11
  • Van Wijnen

Der wurdt moandei op 'e nij staakt by boubedriuw Van Wijnen op 'e Gordyk. Wurknimmers rinne yn jiskepûden om, omdat se fine dat se behannele wurde as smoargens. Lanlik krije 70 minsken by Van Wijnen dien, yn Fryslân 16. It personiel is foaral lilk oer de minne ûntslachregeling. Van Wijnen hat op 'e nij ûntslach oanfrege foar de wurknimmers.

De earste oanfraach waard yn july wegere troch it UWV omdat it bedriuw net genôch dien hie om de meiwurkers binnen it bedriuw in oar plak te jaan.

It fakbûn sil moandei in protest yntsjinje by it UWV tsjin de ûntslachoanfraach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)