Opnij SP-fragen oer wachtjild

10 apr 2004 - 00:00

De SP-steatefraksje stelt opnij fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oer wachtjildregelingen foar steateleden. Op in earste fraach hat de SP-fraksje gjin antwurd krigen om't de gegevens net frij beskikber wiene.

De SP stelt lykwols dat de wet iepenbierheid bestjoer fan tapassing is. Se freegje dêrom nochris om in ôfskrift fan alle eks-steateleden en -deputearren dy't fan jannewaris '99 ôf wachtjild krigen of noch krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)