Opnij sertifikaat foar boarstfiedingsoarch Antoniussikehûs

29 jul 2015 - 14:02

De boarstfiedingsoarch dy't personiel fan de kream- en berne-ôfdieling fan it Snitser Antoniussikehûs jout, is foar de tredde kear sertifisearre. Meiwurkers foldogge oan alle kritearia dy't steld wurde om it sertifikaat te krijen. Sa meie mem en bern dei en nacht op ien keamer ferbliuwe.

Fierders krije memmen dy't dat wolle begelieding by it opstarten fan boarstfieding. It buro dat foar de sertifisearring ûndersyk dien hat op de ôfdielings, konkludearret ek dat meiwurkers profesjoneel wurkje en entûsjast binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)