Opnij rjochtsaak oer pasjinteferfier Waadeilannen

29 mrt 2016 - 11:46
  • Waadhelikopter fan RAV Fryslân

Oer it pasjinteferfier fan en nei de Waadeilannen komt wer in rjochtsaak. De regionale ambulânsefoarsjenning RAV moat opnij yn de slach mei it Belgyske Heliventure. Dat hat in koart pleit oanspand mei as ynset de oanbestegingsproseduere. Omdat de RAV sels net fleane kin, moat in oare partij dat dwaan.

De RAV hie it pasjinteferfier ferline jier gund oan de ANWB, mar dat waard oanfochten troch Heliventure dat ek ynskreaun hie. De rjochter joech de Belgen gelyk, mar dy fine no dat de nije oanbesteging tefolle liket op de earste.

It Belgyske bedriuw hat dêrom opnij in koart pleit oanspand.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)