Opnij reorganisaasje by Blokker, 390 banen skrast

15 apr 2016 - 08:53

De winkels fan Blokker geane folslein op 'e skeppe. De winkelketen skrast nochris 390 arbeidsplakken, neist de 390 banen dêr't in jier lyn ek al gjin plak mear foar wie. Ek giet Blokker yn de kommende twa jier 450 fan de hast 600 filialen folslein ombouwe. Personiel fan de winkels yn Fryslân waard freedtemoarn om 08.00 oere bypraat oer de feroarings. It is noch net dúdlik hokker gefolgen de nijste reorganisaasje by winkelketen Blokker hat foar Fryslân. Dat seit Martijn den Heijer fan it fakbûn CNV Vakmensen.

Neffens de nije topman fan de ûndernimming, Rob Heesen, binne de yngrepen fan ferline jier net yngripend genôch. Hy giet de yndieling fan de winkels en de útstrieling fan Blokker kompleet feroarje. ''De wereld verandert snel. We moeten scherpere keuzes maken", sa seit Heesen. Neffens de direkteur binne de feroarings nedich om konkurrearjend te bliuwen.

Ferrassing

Foar de fakbûnen komt it nijs ûnferwachts. Blokker skraste ferline jier ek al 390 banen. ''Dat er op zo'n korte termijn weer zou worden gereorganiseerd had ik niet zien aankomen", seit CNV-bestjoerder Martijn den Heijer. ''Binnen korte tijd twee forse ingrepen, dat gaat niemand in de koude kleren zitten", sa reagearret ek Nico Meijer fan FNV Handel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)