Opnij rekôr Serious Request

22 des 2013 - 20:22
  • It Glêzen Hûs mei de tuskenstân fan snein
  • De tuskenstân sneintejûn op de Averotoer
  • De sjek fan basisskoalle It Kampke fan Terherne by it Glêzen Hûs

Ek de fjirde tuskenstân by Serious Request yn Ljouwert is in nij rekôr. Op sneintejûn waard om goed healwei njoggenen bekend makke dat der oant no ta mar leafst 4.328.242 euro ophelle is foar it goeie doel. En dat is rom 30.000 euro mear as ferline jier nei fjouwer dagen.

It Saailân streamde op snein opnij hielendal fol. Hûnderten minsken kamen jild bringen nei de brievebus fan it Glêzen Hûs. Serious Request hellet dit jier jild op foar it tsjingean fan diarree yn Afrika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)