Opnij protest tsjin UMTS-mêst

02 sep 2007 - 12:22

De bewenners fan de wenwiken Oosterpark en Ludinga yn Harns komme opnij yn it gewear tsjin de komst fan in UMTS-mêst yn de wenwyk. Ferline jier woe KPN ek al in mêst yn de wyk pleatse, mar dat gie net troch fanwege de protesten.

Der waarden allinnich al 600 hantekens ophelle troch it aksjekomitee. Der leit op it stuit in oanfraach by de gemeente om njonken basisskoalle Noorderlicht in mêst te pleatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)